De lytse seemearmin

Ut seegrien brochtsto him oan lân,
joechst him ierdske azem werom.
Do koest doe noch sykhelje mei
de stilte fan wetter, mar it tij
streamde al oer fan wreed sâlt.
Dyn stim rekke swier fan syn liif.

Foar in prinseman fan fiere ierde
ferkochtsto dyn lûden, lietst dyn
wetterliif ferbaarne. In skaad
dûnse sûnder wurden de fierte yn.
Gjin namme hiesto mear en hy neamde
in oar. Skûm mei it skûm waardsto.

Lang ha ik dy sa driuwe litten,
ha ik yn dyn eagen sûnder ein sjoen.
Do wiest in famke, dyn hannen noch
lytser as in skulp fan Fenus. Doe ha ik
dyn moarmerhûd oanrekke, betocht
wa’tsto wêze koest en in namme socht.

Myn stim is âlder as dyn tiid en ik
ha dy tasongen. De wyn wie ús harker.
Yn myn lûd koe ik dy krekt heine, koe
ik dy wer fan ’e see meitsje. Neamd
ha ik dy oant dyn each wer de djipte
seach en do in frou fan wetter waardst.

 

Terug